Spesjale sokken freegje omtinken foar sykte fan Alzheimer

Op dizze Wrâld Alzheimer Dei jout Omrop Fryslân ekstra omtinken oan dizze sykte. Omrop-kollega Dirk Baron hie de sykte en ferstoar, no hast twa jier lyn, doe't er 37 wie. Om mear bekendheid oan de sykte te jaan, binne der spesjale sokken te keap.
© Omrop Fryslân, Diana de Groot
Dieke Broersma, de frou fan Dirk Baron, kin dêr fan alles oer fertelle. "Er zitten twee verschillende sokken in één paar en dat is opzettelijk gedaan. Op de ene sok zijn gekleurde blokjes en op de andere kleurige afbeeldingen van supermarktartikelen, boodschappen dus. En het zijn ook sokken met een boodschap. Twee verschillende sokken valt op en mensen zeggen dan: hé, je hebt verschillende sokken aan. Dan heb je direct een opening voor een gesprek over dementie."
De sokken wurde al foar it fjirde jier op rige ferkocht, by in grutte supermerk of online. Dieke Broersma ferkeapet se sels ek. "Ik heb al 400 paar verkocht! Het is heel belangrijk om de bewustwording te vergroten en geld te krijgen voor onderzoek." In grut part fan de opbringst giet nei it Alzheimercentrum yn Amsterdam.
Dieke Broersma sit ek in spot om omtinken te freegjen foar de sykte. "Ik werk graag mee om dementie bij jonge mensen, dat hebben we met Dirk meegemaakt, voor het voetlicht te brengen."
Fragmint fan it spotsje mei Dieke Broersma