Bern yn Drylts sliepe yn krot foar goed doel yn 'Nacht zonder dak'

21 sep 2019 - 12:56

Bern tusken de 10 en likernôch 16 jier sliepe yn de nacht fan sneon op snein yn in selsmakke krot fan karton en plestik. Dat dogge se yn de tún fan de Mauritiustsjerke yn Drylts yn it ramt fan 'Nacht zonder dak'.

Foto: Nacht zonder dak

Ien fan de sliepers is Elize Stobbe út Drylts. Se docht mei om te fielen hoe't dakleazen libje. "Ik hie it heard fan tsjerke en woe wol meidwaan."

Om 16.00 oere begjinne se mei it bouwen fan it krot fan doazen. Om de kjeld fan de nacht, 7 graden, tsjin te gean, is der in kachel. "En ik moat mar in soad klean oandwaan."

Nacht zonder Dak is in lanlik inisjatyf. By de aksje fan Tear is it idee dat bern sa stilsteane by minsken dy't op strjitte libje, mar ek wille hawwe is belangryk.

Goed doel

De opbringst fan de aksje giet nei projekten fan strjitjongeren. Earder dizze wike hawwe de bern al jild sammele foar dakleazen. "We ha al 450 euro. It soe moai wêze as dat 500 wurdt."

Ek by It Heidenskip sliept jeugd de kommende nacht yn krotten.

(advertinsje)
(advertinsje)