Soad belangstelling foar jeugdsile mei platboaiems

Hoe krije je de skûtsjeskippers en de bemanningsleden fan de takomst? Dat dogge je troch de jeugd sile te litten op lytsere platboaiems as in skou of in pream. Dat is de formule fan it jeugdsilen mei platboaiems dat sneon al wer foar de achtste kear organisearre waard troch SKS, IFKS en de Stichting Foar de Neiteam.
Fideo: Soad belangstelling foar jeugdsile mei platboaiems
Yn Grou stapten sneontemoarn 52 bern oan board fan in skou, pream of skûtsje foar in trainingsdei.
Under de dielnimmers tusken 8 en 18 sieten dizze kear likefolle jonges as famkes. Guon dêrfan stapten oan board mei in hiele dúdlike ambysje, lykas de 12-jierrige Femke út Jirnsum. "Myn oerpake hat ek skûtsjeskipper west, dat wol ik ek wurde." Sy wit hiel goed dat it net samar klear is. "As je oan board fan in skûtsje komme, moatte je earst ranja meitsje en peile." Mar se hat it der wol foar oer: "As ik oan board fan in skûtsje stap, wurd ik altyd hiel bliid. Sels as ik lulk bin, wurd ik noch bliid."

Feilichheid

Ferline jier sloech by it jeugdsilen ien fan de skippen om mei in ploech fan Omrop Fryslân oan board en dat is reden om dit jier ekstra om de feilichheid te tinken. Sa is bygelyks foar dielnimmers en begelieding it dragen fan in swimfest ferplichte. "In wynpûster kinne je altyd krije, mar wy wolle gjin ûngelokken. Goed omgean mei de feilichheid heart der ek by", seit Marinus Looper by de organisaasje. De omstannichheden wiene sneon lykwols ideaal foar in moaie syldei sûnder grutte risiko's.

Mei in wedstrydbaan mei boeien en folchskippen liket it jeugdsilen safolle mooglik op it echte skûtsjesilen. Op elts skip sit begelieding, mar dy besiket it wurk oan board safolle mooglik troch de dielnimmende bern dwaan te litten.
Femke (12) wol graach skipper wurde
Marinus Looper fan de organisaasje
Jeugdsile mei platboaiems by Grou © Omrop Fryslân