Dantumadiel docht mei oan proef maatskiplike tsjinsttiid foar jongerein

21 sep 2019 - 12:36

De militêre tsjinstplicht is al in moai skoft lyn ôfskaft. It kabinet wol dat gat no opfolje troch jongerein in saneamde maatskiplike tsjinsttiid oan te bieden. In tal gemeenten sil mei dy tsjinsttiid eksperimintearje en ien dêrfan is Dantumadiel.

Âldereinsoarch - Foto: Shutterstock.com

It idee is dat dielnimmers tusken de 20 oant 28 oeren de wike in healjier lang meidogge. "We rjochtsje ús benammen op de jongerein dy't in tuskenjier hawwe. We ha al in groep jongeren, dy binne ambassadeur en kinne sa oare jongeren ynteressearje en it fierder ûntwikkelje", leit wethâlder Gerben Wiersma fan Dantumadiel út.

De jongerein hat sels in soad ynfloed en kin sels kieze watfoar rjochting oft se opgeane. "Se wikselje ek saken mei elkoar út en der binne coaches by belutsen. Sa kinne se har feardichheden en talinten ûntwikkelje."

It is in breed palet wat mooglik is, lykas minsken mei in beheining helpe of âlderein helpe. Mar ek wurk by in bedriuw of wat mei duorsumens is mooglik.

De lanlike proef rint al in jier en Dantumadiel sit no by de lêste ronde fan proefgemeenten dy't meidogge. "Takom jier moat dúdlik wurde hoe't de maatskiplike tsjinsttiid derút sjen moat." Neffens him kin jongerein him breder ûntwikkelje en leare wat der spilet yn de maatskippij.

(advertinsje)
(advertinsje)