Arbeid is dit jier it tema op it Flaeijelfeest

21 sep 2019 - 11:53

It Flaeijelfeest by Ald- en Nijhoarne stiet hast wer foar de doar. Al foar de 43ste keer feroaret in grut stik greide dêr yn de tiid fan earder. Dit jier is de feiling fan boelguod twa kear sa grut as oars.

Foto: flaeijel.frl

It guod komt fan de oprjochter fan it Flaeijelfeest, Frans Pellikaan. Hy is lêsten ferstoarn yn de âldens fan 87 jier. "Hy woe syn bern net mei it guod sitte litte", fertelt Rudolf de Jong fan de organisaasje yn it Omropprogramma Op&Ut.

"Hy wie gek op âld ark. De feiling dogge we ek op de âlde manier lykas dat earder dien waard as boeren har masines kwyt moasten." Hy hopet dat der in soad leafhawwers op ôfkomme en by elkoar opbiede sille.

"Der sit bysûnder en unyk guod by, lykas in bysûndere skommel út de '20 of '30 jierren. Der sitte sa'n seis of acht bakjes oan. Jonges koenen dan oan de famkes sjen litte hoe heech oft se skommelje koenen. Hy is net kompleet, mar is moai om te restaurearjen. Der sit ek in hynstekop by, diel fan in 'balenpers'. It is skande as soks oars by it âld izer telâne komt."

Domela

It tema dit jier is arbeid en dat hat alles te krijen mei de 100ste stjerdei fan Domela Nieuwenhuis.

"Domela iepenet de optocht", fertelt Jan Stelma fan de organisaasje. "We ha ek in oprop dien foar saneamde oproerkraaiers, minsken dy't meirinne yn de optocht. By de plaggehutte hâldt Domela dan in taspraak."

Neist âlde masines as stoomwalsen en âlde trekkers is der ek strjitteäter en muzyk.

It Flaeijelfeest is 26, 27 en 28 septimber.

Omrop Fryslân is sneon 28 septimber derby. Sneon yn Fryslân makket de hiele middei it programma op lokaasje. Dat is te sjen en te hearren op telefyzje en radio.

(advertinsje)
(advertinsje)