'Voetjes van de vloer' by Noorderbreedte op Wrâld Alzheimer Dei

21 sep 2019 - 09:03

It is dizze sneon Wrâld Alzheimer Dei. It tema fan dit jier is 'Samen bewegen', oeral binne aktiviteiten om it belang fan bewege by demintens ûnder de oandacht te bringen. By wensoarchsintrum Erasmus yn Ljouwert is bygelyks in dûnsfeest om de minsken op in gesellige manier yn beweging te krijen.

Foto: ANP

"Het effect van bewegen is dat het verbindt en het roept herinneringen op. Als je actief bent, verbetert je denkvermogen en het geeft een stukje energie", fertelt Christa Kooiker fan Erasmus oer it bewegen foar minsken dy't demint binne.

Yn Erasmus binne twa lêzingen oer it ûnderwerp, mar dêrnei moatte de 'voetjes van de vloer'. "Het Danspaleis komt optreden, dus dat wordt een swingende middag van polonaise tot rock-'n-roll. In alle 16 locaties van Noorderbreedte staat bewegen centraal vandaag."

Bewege is altyd belangryk yn de soarch. "Onder begeleiding laten we de bewoners bewegen, dat kan al met kleine dingen zoals koffie inschenken, want dat is ook bewegen. Dingen zelf laten doen bevordert ook het actief zijn. Daarnaast kunnen mensen sjoelen en aan gymnastiek doen."

(advertinsje)
(advertinsje)