FNP-fraksje yn Noardeast-Fryslân: mear omtinken foar bern by demonstraasjes

21 sep 2019 - 08:36

De FNP-fraksje yn Noardeast-Fryslân wol dat der mear omtinken komt foar bern, as der in fergunning oanfrege wurdt foar in demonstraasje. Dy soene beskerme wurde moatte tsjin eventueel ferbaal en fysyk geweld dat plakfine kin. Earder al hat de FNP-fraksje fan Achtkarspelen in selde plan yntsjinne.

Foto: Omrop Fryslân

"Mei dit foarstel wolle we as ried de boargemaster ekstra dekking jaan, want de boargemaster hat feilichheid yn de portefúlje", ljochtet Bert Koonstra fan de FNP yn Noardeast-Fryslân ta. Dêrby tinkt er net inkeld oan soks as de lanlike Sinteklaasyntocht fan Dokkum twa jier lyn, mar ek oan saken as enerzjytransysje.

"By wynmûnen en gaswinning komme ek hieltyd mear protesten. Dat is in ekstra motivaasje om dit yn de ried yn te bringen. Minsken ha it rjocht om te demonstrearjen, mar wy wolle ekstra om de feilichheid fan de bern tinke. "

(advertinsje)
(advertinsje)