De Welle: komt der wol of net in nij swimbad yn Drachten?

21 sep 2019 - 08:20

It plan foar in nij swimbad yn Drachten mei in nij 50 meter bad leit der al sûnt 2011. Mar renovaasje- en nijbouplannen wikselje mekoar yn al dy jierren dêrnei ôf, en noch hieltyd is de skeppe noch net de grûn yngien.

Foto: Omrop Fryslân, Bauke Deelstra

De plannen foar it nije swimbad hawwe yn al dy jierren al wol in ûntwikkeling trochmakke. Sa leit der al tsien miljoen euro oan provinsjaal jild klear en komme de oare miljoenen as alles goed rint fan de gemeente. Der is sels in lobbygroep yn it libben roppen dy't him al mei de ynrjochting fan it nije bad dwaande hâldt.

Mar dochs komt ien en oar net fan de grûn. In nij kolleezje, nije riedsleden en finansjele tekoarten soargje foar in oare sitewaasje. De status is no dat nijbou oan de Tuskendjippen tichtby like, mar troch finansjele krapte sjocht de gemeente no ek wer nei renovaasje. In útstel wurdt ynkoarten ferwachte en yn novimber as desimber moat de ried dêroer te set.

As alles meisit kin it swimbad yn 2024 wer up-to-date wêze. Wêr yn Drachten dan ek.

Fernuvere oer gong fan saken

Yme Waterlander, foarsitter fan distrikt Noard fan KNZB, is bot fernuvere oer de gong fan saken en fynt it ek hiel frjemd dat de renovaasjeplannen no wer fan stâl helle wurde. In renovaasje soe ferskuorrende djoer wurde en neffens him is in nij swimbad heechst needsaaklik. Yn 2017 wiisde alles op in folslein nij swimbad en Waterlander sei doe dat in goed topsportswimbad ek fan libbensbelang is foar it folsleine Noarden. It swimbad is no neffens him 'in âlde bak' fan mear as 50 jier âld.

It wurdt neffens Waterlander tiid dat de gemeente Smellingerlân 'bûter by de fisk' docht en 'spikers mei koppen slacht'. "Het bad is afgeschreven, normaal is dat na 35 jaar al en dit bad staat er al 50 jaar. Er kan geen publiek bij bij de wedstrijden. Er moet echt wat gebeuren."

Neffens him soe renovaasje kinne, mar is nijbou in bettere opsje. "Je kunt het opkalefateren maar op de lange duur ben je duurder uit. Als je nieuw bouwt, kun je het helemaal zelf inrichten." Hy sjocht it bad leaver ek op in oar plak, dan soe it ek better berikber wêze mei mear parkeargelegenheid.

Waterlander begrypt dat sa'n enoarme ynvestearring in soad tiid kostet. "Maar hier duurt het al wel heel erg lang."

Yme Waterlander

Topswimbad is ambysje

Nijbou is noch hieltyd wol de wichtichste opsje neffens wethâlder Trompetter fan Smellingerlân. "De raad heeft gevraagd om te kijken naar de kosten van renovatie. In 2011 is er onderzoek geweest, maar voordat we definitief besluiten, moeten de kosten van renovatie duidelijk zijn zodat de raad een goed, weloverwogen besluit kan nemen."

Der binne finansjele tekoarten by de gemeente. "We moeten een afweging maken tussen de ambitie en het geld dat er is. De ambitie is een topzwembad, maar de vraag is of we dat kunnen realiseren. We moeten uitzoeken of renovatie goedkoper is, maar dan hebben we niet het topzwembad waar Drachten en Smallingerland recht op heeft."

Neffens de wethâlder moat it beslút gau nommen wurde. Hy hopet dat ein dit jier in foarstel nei de ried kin.

Wethâlder Cor Trompetter

(advertinsje)
(advertinsje)