Ljouwerter band Delore wint Kleine Prijs van Fryslân

21 sep 2019 - 07:28

De Ljouwerter band Delore hat freedtejûn de Kleine Prijs van Fryslân wûn, in wedstriid foar nije bands. Sjueryfoarsitter Bert Heerink wie te sprekken oer de Nederlânsktalige pop fan Delore en foaral oer it dreamerige karakter fan de muzyk.

Foto: Omrop Fryslân, Eric Ennema

De finale wie yn Het Bolwerk yn Snits. Der wienen seis finalisten: Noorderlicht, Ganos Lal, The Wabe, All over Again, Boyakira en Delore dus.

Delore bestiet út Liza Bloem (sang), Daan Noordhoek (drum), Chiel Schilder (gitaar) en Richte Westerman (bas synth/toetsen). Se kenne elkoar allegearre fia de Academie voor Popcultuur. De winner spilet sneon op in festival yn Grins en takom jier op it Befrijingsfestival yn Ljouwert.

Eardere winners fan de Kleine Prijs wienen The Homesick en Abdomen.

(advertinsje)
(advertinsje)