Museum Hylpen wreidet út: al 1,4 miljoen beskikber foar nijbou by it âlde pân

21 sep 2019 - 07:00

Museum Hindeloopen moat yn de takomst twa kear sa grut wurde as no. Der is op dit stuit 400 kante meter beskikber foar tentoanstellingen, mar dat moat aanst goed 800 kante meter wurde, jout direkteur Jelle Brouwer fan it museum oan. Freed wie yn Hylpen in sympoasium fanwege it 100-jierrich bestean fan it museum, in goede reden om it nijs nei bûten te bringen.

Foar in nij stik museum dat boud wurde moat, is 2 miljoen euro nedich. It museum hat sels sa'n 1,4 miljoen, it oare part moat noch op it kleed komme. Direkteur Brouwer hat dêrfoar kontakt mei stichtingen en de BankGiroLoterij. Hjoed-de-dei komme der sa'n 10.000 besikers yn it jier nei it museum, dat moatte der goed 15.000 wurde.

It museum moat ek tagonkliker wurde. "No is it oeral noch trep op en trep del, dat wolle we net mear", sa fertelt Brouwer. Ek wurdt it nije museum ynteraktiver, mei bygelyks filmkes. Dochs moatte de eigenens fan it museum wol te sjen bliuwen wêze. "Wy hawwe no bygelyks in soad stylkeamers mei paspoppen. Wa wit wurde dat yn de takomst wol pratende poppen."

It stik nijbou foar it âlde pân moat nei alle gedachten yn 2021 of 2022 klear wêze.

(advertinsje)
(advertinsje)