Kuierje troch tsjuster Burgum: twadde Midnightwalk foar bern en sport

20 sep 2019 - 21:57

Yn Burgum waard freedtejûn de twadde Midnightwalk rûn, troch hûnderten minsken. Op de rûte wiene tal fan aktiviteiten en artysten en it kuierjen waard dien foar it goeie doel. Yn groepkes fan fyftich binne de dielnimmers úteinset. De tocht gie by karakteristike plakken del: ûnder oare troch it gemeentehûs, it tsjerkegebou fan de Ikker en soarchsintrum Berchhiem.

Midnightwalk yn Burgum - Foto: Omrop Fryslân, Jeroen Boersma

Jeroen Boersma wie by de start fan de Midnight Walk

De tocht waard organisearre troch Lions De Wâlden en begûn om 19.30 oere hinne. De iepening waard fersoarge troch ferskate minsken, wêrûnder deputearre Johannes Kramer. Doel fan de Midnightwalk wie it projekt 'Geef kinderen sportief de kans!' Fan de opbringst moat elts jier in fakânsjewike foar bern en harren âlden mei net al te folle jild om hannen organisearre wurde.

Dit hiele wykein binne oeral yn Noardeast-Fryslân festiviteiten by de Sintrale As.

(advertinsje)
(advertinsje)