Trije Fryske gemeenten oan de slach mei maatskiplike tsjinsttiid

Dantumadiel, Waadhoeke en Noardeast-Fryslân binne trije fan de alve Nederlânske gemeenten dy't úteinsette mei in 'maatskiplike tsjinsttiid.' Dizze tsjinsttiid is ynspirearre op de oanpak fan de Belgyske Samenlevingsdienst.
© Omrop Fryslân
It is de bedoeling dat jongerein yn de trije Fryske gemeenten trije of mear dagen yn de wike frijwillich oan de slach kinne yn dizze tsjinsttiid. Jongerein dy't in tuskenjier nommen hawwe, of dy't útfallen binne op skoalle, kinne foar dizze yntinsive tsjinsttiid kieze, ynstee fan bygelyks in backpackreis of in bybaan.
Jongerein dy't meidogge sizze dat se it dogge om erkenning te krijen, of om't se de kâns op in stúdzje of baan grutter meitsje wolle. Se kinne bygelyks oan it wurk by definsje, yn de soarch of yn it wolwêzenswurk.
Steatssekretaris Paul Blokhuis wol mei dizze proef sjen hoe't de tsjinsttiid better oanslute kin by de behoeftes en winsken fan de jongerein. De offisjele lanlike ôftraap is yn febrewaris 2020.