Opheegjen ûnfeilige kaaidiken 'Top en Twel' lang om let klear

20 sep 2019 - 21:06

Seis kilometers oan wâl troch Toppenhuzen en Twellingea binne wer op hichte brocht troch Wetterskip Fryslân. De kaaidiken wiene net mear feilich en binne foar goed 3,7 miljoen euro ophege. Der moast flink gearwurke wurde mei de oanwenners, want der wiene ek in soad tunen dy't omheech moasten. Sy koene sels oanjaan yn hokker perioade fan it jier de wurksumheden harren it bêste paste.

It ôfsluten fan it wurk oan de kaaidiken yn Toppenhuzen en Twellingea - Foto: Wetterskip Fryslân

It wurk waard dien troch oannimmer Van der Meer fan Skearnegoutum. Freed wie de ôflevering fan al it wurk, alle ynwenners fan 'Top en Twel' wiene útnûge foar in feestlike iepening.

Wetterskip Fryslân hat op dit stuit noch mear projekten rinnen dêr't wetterkearingen by ophege wurde moatte, der leit noch goed 300 kilometer op de planning.

(Advertinsje)
(Advertinsje)