Undergrûnske heechspanningskabel hat hiel wat fuotten yn 'e ierde

20 sep 2019 - 20:47

Der moat in heechspanningskabel fan goed 31 kilometer oanlein wurde tusken Boalsert en It Hearrenfean oan de súdkant fan de A7. Dat moat om't TenneT dwaande is om it heechspanningsnetwurk yn westlik Fryslân te fersterkjen. Dat is in flinke put, wat it sil pas oan de ein fan 2020 klear wêze. It giet om in saneamde ûndergrûnske 110 kV heechspanningsferbining.

De A7 by Aldehaske - Foto: ANP

It giet om in saneamde ûndergrûnske 110 kV (kilovolt) heechspanningsferbining, dy't oanlein wurde sil troch oannimmer Visser & Smit Hanab. It grutste part komt yn in slûf te lizzen, goed 16 kilometer. De oanlis sil yn fazen barre. De wurksumheden begjinne tusken de seksje ôfrit Boalsert-East en ôfrit Snits-sintrum. Begjin 2020 set it wurk tusken De Jouwer en It Hearrenfean (heechspanningsstasjon Aldehaske) útein.

De fytsbrêge oer de N7 by de Geau yn Snits sil in tal wiken ôfsletten wêze, fytsers kinne dan troch de fytstunnel by de Molenkrite.

Nij stasjon

Fierder is TenneT dwaande mei in nij heechspanningsstasjon, dat needsaaklik is foar ûnder oare it transport fan de stroom út Wynpark Fryslân. Minister Wiebes makke dizze simmer in foarkarslokaasje bekend, westlik fan Boalsert en it bedriuweterrein De Marne. It ministearje en TenneT wurkje dêr op dit stuit in plan foar út.

(Advertinsje)
(Advertinsje)