Johnny Jansen: "FC Utrecht is geen favoriet"

22 sep 2019 - 09:45

Yn de fjirde thúswedstriid fan dit seizoen nimt SC Hearrenfean it snein op tsjin FC Utrecht, de nûmer seis fan de earedifyzje. It is in ploech dy't him behoarlik fersterke hat.

Foto: www.orange-pictures.nl

Sa komt spits Adrian Dalmau fan Heracles Almelo nei Utrecht ta, en middenfjilder Bart Ramselaar makket de oerstap fan PSV nei syn âlde klup. Beide spilers stiene ek heech op it ferlanglistje fan Hearrenfean, mar wiene finansjeel net helber. Ek al hat FC Utrecht mear jild te besteegjen, neffens Johnny Jansen makket se dat net de favoryt. "Je mag wel de betere spelers hebben, maar wij moeten zorgen dat we 't beste team hebben."

Hearrenfean wachtet nei trije thúswedstriden noch altyd op de earste thúsoerwinning. Earder waard der yn it eigen stadion tsjin Feyenoord, FC Twente en Fortuna Sittard lykspile. "Het is heel simpel, we hebben vier punten te weinig gehaald. En dat willen we tegen Utrecht rechtzetten. En daar gaan we alles voor doen", seit trainer Johnny Jansen.

Johnny Jansen kin beskikke oer in sa goed as fitte seleksje, mar der is gjin reden om syn opstelling te wizigjen. Allinnich Arjen van der Heide is der net by. De jongerein-ynternasjonal hat siik west en hat dizze wike net traind.

Van Hau

Oft Doan van Hau by de wedstriidseleksje sit, is noch net wis. De Fjetnameeske ynternasjonal hat in wurkfergunning regele en mei meidwaan, mar hat freed foar de allerearste kear mei de groep traind. "Fysiek staat hij er goed op", seit Jansen. "Hij valt zeker niet tegen. Hij staat goed op zijn benen en is technisch vaardig. Ik ga eerst nog overleggen of hij bij de selectie zit."

Daniel Hoegh

Foar Daniel Hoegh rint it seizoen oars as hy fan tefoaren tocht hie. De Deenske ferdigener rekke yn 'e lêste oefenwedstriid stjin Sunderland blessearre oan syn ankel, dêtroch miste hy de start fan de kompetysje. Hoegh is no wer opknapt, mar omdat Dresevic en Botman it sintraal efteryn goed dogge, is der foar trainer Johnny Jansen gjin reden dat duo útinoar te heljen.

Hoegh spile ôfrûne moandei noch mei de beloften tsjin SC Cambuur (7-3) en spile ek de oefenwedstriid tsjin Vitesse (1-1). Hy hopet sa gau as mooglik wer yn 'e ploech te stean. "Ik ben fit, maar ik moet nog wedstrijdfit worden."

"Zo werkt het in de voetballerij, dit is de keus van de trainer. Ook de aanvoerder kan op de bank zitten. Ik ben wel een geduldig type, maar op een gegeven moment niet meer", seit Hoegh.

Ferwachte opstelling: Hahn; Floranus, Dresevic, Botman, Woudenberg; Kongolo, Faik, Veerman; Van Bergen, Odgaard, Ejuke.

Trefwurden: 
SC Hearrenfean FC Utrecht
(Advertinsje)
(Advertinsje)