Twa oanridingen op Skylge yn ien middei

20 sep 2019 - 18:41

Op Skylge barden freedtemiddei yn koarte tiid twa ûngelokken efter inoar. Op de Willem Barentszstrjitte rekke in fytser ferwûne nei in oanriding en oan De Lies waard in fuotgonger oanriden.

Foto: Laura Conijn / ProNews

By it ûngelok op de Willem Barentszstrjitte op West-Skylge gie it om in âldere frou, dy't nei de oanriding op de grûn foel en troch ambulânsepersoniel behannele is. Der wie in ambulânsehelikopter oproppen, mar it die bliken dat dy net nedich wie.

By de supermerk yn it doarp Lies hat in bestjoerder fan in auto by it opriden fan it parkearplak in fuotgonger rekke. Ek dizze frou is troch ambulânsepersoniel behannele.

Foto: Laura Conijn / ProNews
(Advertinsje)
(Advertinsje)