Keninklike ûnderskieding foar Geert de Jong fan Wolvegea

Geert de Jong fan Wolvegea is freedtejûn beneamd ta lid yn 'e oarder fan Oranje Nassau. De Jong nimt dit jier nei tritich jier ôfskied as frijwilliger by de brânwacht yn Wolvegea.
© ProNews
Hy wurke dêr ûnder mear as sjauffeur en oefenlieder. Yn de ôfrûne jierren hat er him ynset foar de feilichheid fan de ynwenners fan de gemeente Weststellingwerf.
De Jong krige de ûnderskieding út hannen fan boargemaster André van de Nadort. Hy waard ûnderskieden yn de kazerne fan Wolvegea.