Museum Hylpen 100 jier: fergees iepen en âlde boeier yn de stêd

20 sep 2019 - 18:10

Museum Hindeloopen bestiet 100 jier. It waard yn 1919 iepene as it Hidde Nijland Museum en it wie in inisjatyf fan keunstsamler Hidde Nijland (1856-1931). Hy hat in grutte kolleksje foarwerpen út Hylpen oan de gemeente jûn, dat woe hy allinne as it yn it eardere stedhûs tentoansteld wurde soe. Dit wykein is it feest yn de stêd. Der wurdt in bondel presintearre, der is in strjitfestival en it museum is fergees iepen.

Museum Hylpen - Foto: Wikimedia Commons

Maurice Wery is konservator by Museum Hindeloopen. Neffens him is de fassinaasje foar Hylpen de reden dat it museum hjoed-de-dei noch hieltyd bestiet. "Kijk naar de populariteit van Hindeloopen. Eind negentiende eeuw stond er een Hindelooper stijlkamer op de Wereldtentoonstelling in Parijs. Attractie no. 1 was niet de Eiffeltoren, maar onze Hindelooper stijlkamer. Die fascinatie maakte dat mensen naar Hindeloopen kwamen nog steeds komen."

Kultuer

De stylkeamer is noch hieltyd ien fan de belangrykste ûnderdielen fan it museum. Neffens Wery hat it museum in soad om sjen te litten: "De stijlkamer, beschilderde meubels, de prachtige Hindelooper kostuums. Het is de enige stad in Fryslân met een eigen volksdracht. Ook op immaterieel gebied doen we ons best. Er is nu een UNESCO-nominatie voor de Hindelooper cultuur, die willen we als museum graag omzetten naar een permanente status."

Wery: "Er is van alles te doen dit weekend. Er was een symposium in de kerk, waarin een professor van de Ottema-Kingma Stichting heeft benadrukt hoe bijzonder de stad is. Dat was voor genodigden, maar dit weekend is iedereen welkom. Er ligt een boot van de oprichter van het museum, er zijn activiteiten voor kinderen en er is straattheater. Bovendien is het museum gratis te bezoeken."

Konservator Maurice Wery fan Museum Hindeloopen

Hidde Nijland (1853-1931), oprjochter fan it museum - Foto: Museum Hindeloopen

Bysûnder is dat de boeier 'Maria Pauline' ek yn Harns leit. Dit wie yn it ferline it skip fan keunstsamler Hidde Nijland (1853-1931), de oprjochter fan it museum. Pier Piersma fan Heech is restaurateur en hat it skip ferskate kearen opknapt. "Ik bin yn 1970 mei dit skip oan restauraasje begûn, it wie myn earste put. Ik haw altyd it skip folge. It is boud yn 1855, dat is net neat. In houten skip hat ûnderhâld nedich."

Sirkel wer rûn

Hidde Nijland wie de twadde eigener fan it skip. "Hy hat der mear as 20 jier mei syld," seit Piersma. "Doe is hy omslein en hat hy it skip ferkocht. Hy wie der klear mei." Piersma ferliket it skip mei it steatejacht: "Dizze is moai en in stik âlder."

De hjoeddeiske eigener is Jan Willem Hoorn. Hy seit: "We hebben dit schip al lang, maar toen we het schip kochten kenden we de geschiedenis niet. In een boek stond dat Nijland er aan het einde van de negentiende eeuw mee gevaren heeft. Toen zijn we naar het Hidde Nijland Museum gegaan om meer uit te zoeken. Daar kwamen we een artikel van zijn dochter Maria tegen waarin stond dat hij er in de buurt van Dordrecht en Zeeland mee gevaren heeft. Nu het schip in Hindeloopen ligt, is de cirkel weer rond."

Restaurateur Pier Piersma en eigener Jan Willem Hoorn

(advertinsje)
(advertinsje)