Oanpak wetterkrassula op Skylge wurke, mar no is der noch in folle grutter gebiet

20 sep 2019 - 17:58

De oanpak fan 1,5 miljoen euro tsjin de skealike wetterkrassula by Midslân oan See op Skylge hat fertuten dien. Mar no moat der mei faasje trochpakt wurde yn in noch folle grutter gebiet.

De oanpak by Midslân oan See wurke. Remi Hougee fan Steatsboskbehear leit út wat se krekt dien ha: "Bij twee natte duinvalleien hebben we veertig centimeter van de bodem afgegraven. Dat was grond dat met watercrassula besmet was. Die grond hebben we begraven in een duin ten zuiden van Midsland aan Zee. Het zand dat daaruit kwam, hebben we weer gebruikt om de bodem aan te vullen."

De wetterkrassula is in eksoat út Australië en komt sûnt 2012 op Skylge foar. It plantsje groeit hurd en ferstikt oare planten.

Foto: Omrop Fryslân, Remco de Vries

Dy wize fan wurkjen wie suksesfol: "Deze locatie is nog steeds watercrassulavrij. Er wordt nog regelmatig gecontroleerd, maar de watercrassula is niet teruggekomen. Hier zijn we dus tevreden over."

Mar no binne der mear lokaasjes dêr't de eksoat is. Earst gie it noch om in gebiet fan sa'n 8 bunder, dat is yntusken 20. "Gedurende het werk kwamen we erachter dat-ie ook op drie andere plekken voorkwam", fertelt Hougee. "We hebben de plantjes met de hand weggegraven, puur om te voorkomen dat-ie zich zou verspreiden. Dat heeft de boel onder de duim gehouden, maar het werkt niet afdoende. Op die locaties moeten we terugkomen met groter materiaal."

Foto: Omrop Fryslân, Remco de Vries

It hiele eilân ferskjinje fan it plantsje kostet in kapitaal. Dus it is noch de fraach hoe't it no moat. "Om daar dezelfde methode toe te passen, heeft wel heel veel voeten in de aarde. We laten er een pakket aan maatregelen op los. Het gedeelte waar de besmetting het grootst is graven we af. Een andere plek wordt misschien deels gedempt."

It kin net te lang wachtsje, want guon fûgels hâlde fan de wiete plakken dêr't de wetterkrassula is. "Daarom hebben we hier nu draden over die plekken, daarmee weren we de watervogels wat. Dat helpt niet helemaal, maar wel een beetje. Er is haast geboden, maar er komt wel van alles bij kijken, qua vergunningen en financiën bijvoorbeeld."

Remi Hougee

(advertinsje)
(advertinsje)