Wurksumheden oan N31 tusken Harns en Surch: dyk twa wykeinen ticht

Rykswettersteat is fan freed oant moandei 30 septimber dwaande mei grut ûnderhâld oan de N31 by Harns. Ferkear moat omride en rekken hâlde mei in langere reistiid.
De N31 tusken Harns en Surch © Google Street View
By de wurksumheden binne beide rydbanen fan de N31 elk ien wykein ticht foar it ferkear. Tusken Surch en Harns is de dyk ticht fan freed 20 septimber oant moandei 23 septimber, yn de tsjinoerstelde rjochting in wike letter.
It ferkear moat omride oer de N359 Boalsert-Ljouwert.
Mei it ûnderhâldswurk ferfangt Rykswettersteat ûnder oare it asfalt. Fierder wurdt der wurke oan de 'geleiderails' en de berms.