Feanster MS-pasjint hat diel fan Dream or Donate-jild werom

20 sep 2019 - 17:08

De famylje Faber fan It Hearrenfean krijt jild werom fan de oprjochter fan crowdfundingswebside Dream or Donate. Dy site gie ein augustus út de loft. In soad minsken dy't fia de webside jild ynsammelen foar in goed doel, wiene dat jild doe kwyt. De famylje Faber sammele jild yn foar in terapy foar Joyce Faber, dy't MS hat.

Foto: Omrop Fryslân, Bauke Deelstra

De oprjochter fan de webside sei dat syn site hackt wie en dat er it jild werombetelje soe. De man hat no mei 31 minsken in skikking troffen, ek mei de famylje Faber. Dy krijt in part fan de tsientûzen euro werom, dy't al ynsammele wie.

Dûbeld gefoel

"We gongen derfan út dat we neat werom sjen soene, dus dan is dit posityf", seit Sjouke Faber, de man fan Joyce. "It jout wat in dûbeld gefoel, mar it goede gefoel oerhearsket."

Yn de tuskentiid ha de Fabers wol trochset mei it sammeljen fan jild. "We ha no 22.000 à 23.000 euro", fertelt Sjouke Faber. "Mar yn totaal ha we 60.000 euro nedich."

Stress min foar MS

Mei Joyce giet it net goed. "Nei oanlieding fan alles wat bard is, hat se in heftige oanfal krigen fan de MS. It giet eins hiel min mei har. De stress is funest."

Se kinne it jild noch goed brûke. "We ha ús eigen stifting, mei in site. Minsken kinne no direkt donearje op msmama.nl."

(advertinsje)
(advertinsje)