FIDEO: Blommepracht yn Droegeham, 50e 'Gondelvaart op Wielen'

20 sep 2019 - 16:33

Droegeham fiert freed en sneon in bysûnder jubileum: de 50e 'Gondelvaart op Wielen.' Yn de simmer fan 1968 is der in kommisje oprjochte om in feest te hâlden mei de winkelwike yn it doarp. Mei gondelfearten as dy fan Aldeboarn en De Knipe yn gedachten waard der foarsteld ek in gondelfeart te hâlden. Dan mar ien op tsjillen.

Gondelfeart Droegeham

Sa is de tradysje ûntstien en yn 1998 is der spesjaal in stichting oprjochte om de blommekorso te organisearjen. Eins is it dus al wol 51 jier lyn dat it earste feest holden is, mar yn 1983 is de tocht in kear oerslein.

Dit jier dogge der alve gondels mei, dat is der ien mear as oars. De buertklups hawwe ûnder oare makke: Pinokkio, Sesamstraat en Reggae Night.

(Advertinsje)
(Advertinsje)