FNP: jild út lanlik ynvestearringsfûns earlik ferdiele oer provinsjes

20 sep 2019 - 16:33

De fraksje fan de FNP yn de Provinsjale Steaten wol dat jild út it ynvestearringsfûns fan it Ryk nei rato ferdield wurdt oer de provinsjes. Dat is in foarstel fan de partij as reaksje op de kabinetsplannen dy't ôfrûne tiisdei mei Prinsedei presintearre binne.

Wopke Hoekstra (minister Finânsjes) mei it kofferke - Foto: ANP

It ynvestearringsfûns is ien fan de plannen fan it kabinet. Dêrmei komt der 50 miljard euro frij foar ynfrastruktuer en ynnovaasje. Dêr is de FNP yn earste ynstânsje posityf oer, mar neffens de partij binne de earste berjochten dat it fûns benammen ynsetten wurdt yn de Rânestêd.

As it oan de FNP leit, giet jild út it ynvestearringsfûns ek nei projekten lykas it knooppunt by de Skarster Rien en in tunnel foar treinen ûnder it Van Harinxmakanaal troch. Dêrnjonken binne der guon saken dy't struktureel jild nedich ha, wylst it ynvestearringsfûns bestiet út jild dat mar ien kear útjûn wurde kin.

Krityk op besunigingen op gemeenten

Fierders hat de FNP ek krityk op de miljoenenota. Dat rjochtet him benammen op de besunigingen op gemeenten. Troch belied fan it Ryk steane foarsjenningen yn stêden en doarpen ûnder druk, neffens de partij.

In protte gemeenten ha jildproblemen troch de desintralisaasje fan it sosjaal domein, wêr ûnder oare jeugdsoarch en de Wmo ûnder falle. Sa waard dizze wike bekend dat Achtkarspelen in tekoart fan 2,3 miljoen hat by it sosjaal domein. Gemeenten warskôgen dizze wike dat guon swimbaden en biblioteken dêrtroch ticht moatte.

De FNP wol dat gemeenten en provinsjes in gruttere bydrage fan it Ryk krijt, om sa harren taken dwaan te kinnen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)