Wellness-sintrum op âlde swimbad Amelân allinne mooglik mei 100 hotelkeamers

20 sep 2019 - 16:16

In wellness-sintrum op it plak fan it âlde swimbad yn Nes op It Amelân is allinne helber as der ek 80 oant 120 hotelkeamers bykomme soene. Dat docht bliken út in ûnôfhinklik ûndersyk dat yn opdracht fan it kolleezje fan Amelân dien is troch advysburo Van Spronsen & Partners.

It âlde swimbad oan de Molenweg yn Nes - Foto: Frank Hulsebos

As men hotelkeamers op de lokaasje oan de Molenweg wol, moat it bestimmingsplan lykwols wol oanpast wurde. En dêr is tastimming fan de gemeenteried foar nedich.

It is al jierren in hjit hingizer wat der mei it eardere swimbad dien wurde moat. It advysburo hat beide opsjes trochrekkene: in wellness-sintrum sûnder akkommodaasjes en in wellness-sintrum méi akkommodaasjes. Neffens it buro is inkeld in wellness-sintrum net rendabel. Mei oanfollende kuerfasiliteiten wurdt it al better, mar allinne in wellness-sintrum mei kuerfasiliteiten én hotelkeamers liket rendabel.

Easken fan kolleezje

Optimaal soe wêze: 100 keamers. It kolleezje wol no it bestimmingsplan feroarje. Want in kombinaasje fan wellness en hotel is op dit stuit net mooglik. It kolleezje hat wol easken: it kompleks soe tagonklik wêze moatte foar eltsenien, it moet goed yn it lânskip pasje en it moat durosum boud wurde. "Ook mogen er geen appartementen komen, want die mogen los verkocht worden en dat willen we niet," seit wethâlder Theo Faber.

Mei it ûndersyk wol it kolleezje op 'e nij yn petear mei de eigener-ûntwikkelder. Mocht dit plan no net wurkje, dan binne der noch twa opsjes: óf in oare toeristysk-rekreative foarsjenning, óf sloop fan it âlde swimbad en in hiele oare ynfolling fan it gebiet.

Boufal moat fuort

Wethâlder Theo Faber fan Amelân leit út dat in lêste besykjen fan de gemeente is. "Eerder zijn er plannen gestrand, die vond de gemeenteraad te massaal. Nu hebben we het omgedraaid: als we wellness willen, laten we dan vooraf kaders stellen zodat de ontwikkelaar weet waar hij aan toe is," seit Faber.

Haadpunt is dat de boufal fan it âlde swimbad fuort moat. "Die staat er nu al zo'n 20 jaar, daar willen we vanaf. Met dit onderzoek weet de ontwikkelaar vooraf wat wel en niet mogelijk is. Dit is stap één in de laatste poging om te kijken of we er een wellness kunnen realiseren. Mocht de raad niet willen of de ontwikkelaar zegt dat het hem niet past, dan willen we kijken naar andere toeristische ontwikkelingen en anders slopen we het bestaande complex."

Wethâlder Theo Faber fan Amelân

(Advertinsje)
(Advertinsje)