Oardel jier selstraf foar man (75) dy't pakesizzer misbrûkte

20 sep 2019 - 15:57

In man fan 75 út De Trieme moat oardel jier de finzenis yn omdat er syn pakesizzer misbrûkt hat. It famke is no alve, it misbrûk hat sawat twa jier duorre.

De rjochtseal yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

It gebeurde as it slachtoffer útfanhûs wie by har pake en beppe en as de man op har paste, thús yn Houten yn Utrecht.

De saak kaam oan it ljocht doe't it famke it oan har broerke fertelde. It broerke ljochte doe de heit en mem yn. Njonken de selstraf moat de man syn pakesizzer tsientûzen euro skeafergoeding betelje. En hy mei gjin kontakt mei it famke sykje.

(Advertinsje)
(Advertinsje)