Nije stjoermêst yn Waskemar mei der gewoan komme fan rjochter

De rjochtbank Noard-Nederlân ferwerpt de beswieren tsjin de bou fan in stjoermêst by de Leidyk yn Waskemar. Beswiermakkers wolle dat de mêst fan Shere Masten op op syn minst 400 meter fan de hûzen pleatst wurdt.
© ANP
In jier lyn stapten trettjin beswiermakkers al nei de gemeente Eaststellingwerf om protest yn te tsjinjen tsjin it ôfjaan fan in omjouwingsfergunning. Doe wiisde it kolleezje de beswieren ôf. Trije partijen giene doe by de rjochter yn berop.
De mêst komt op sân oant tsien meter fan hiemskiedingen. De omwenners meitsje har soargjen oer harren sûnens en binne ek benaud dat de wearde fan de hûzen sakje sil. De rjochtbank seit, basearre op in rapport fan de Gezondheidsraad, dat der gjin oanwizingen binne dat der sûnensproblemen feroarsake wurde yn dit gefal. De frees foar brom- of fluittoanen is net ûnderboud, neffens de rjochtbank. Dêr is by oare mêsten fan deselde eigener ek gjin sprake fan.

'Ferskil is net grut'

Mei in hichte fan op syn meast 40 meter, wurdt neffens de rjochtbank foldien oan it Beslút omjouwingsrjocht (Bor). Boppedat ferfangt de mêst in besteande mêst. Neffens advysburo Hûs en Hiem foldocht de mêst oan de 'redelijke eisen van welstand'. Neffens de rjochter is dat advys soarchfâldich ta stân kaam. "Een groot deel van de benodigde voorzieningen is reeds aanwezig, het bedrijventerrein is in eigendom van de aanvrager en het verschil met de huidige mast is niet groot", seit de rjochter.
De beswiermakkers hiene ek alternative lokaasjes oandroegen foar de stjoermêst, mar dy jouwe neffens de gemeente en de rjochter net itselde resultaat.