Freedsmerk oer mear froulju yn de top: "Net om de stuoltsjes te foljen"

Mear froulju yn de top, al jierren wurdt dêr oer praat. Wurkjouwersorganisaasjes fine dat it te lang duorret foardat it tal froulju yn de top fan bedriuwen omheech giet. De measte besikers fan de Ljouwerter freedsmerk fine dat ek, al is net elkenien it dêr mei iens.
© Omrop Fryslân, René Koster
In man op de freedsmerk seit dat mear froulju oan de top in goeie saak is. "Froulju ha krekt sa folle rjochten as manlju en sy binne soms noch wol ris wat 'pienterder'." Wêrop't in frou ynbringt: "Meestal zijn ze wat pienterder. Ik vind wel dat vrouwen wat makkelijker in de omgang zijn als mannen. Mannen hebben maar één rechte lijn, vrouwen zijn wat collegialer."
"Vrouwen zijn flexibeler, daar kun je makkelijker mee omgaan met zakendoen", seit in oar. En: "Froulju ha likefolle kapasiteiten of mear. It past ek moai oan. In frou hat faak in hiel oar ynsicht as in man en as je dat kombinearje, dan krije je de juste ûndernimmers."
Neffens de minsken moatte froulju ek itselde lean krije as manlju foar itselde wurk. "Ik heb het zelf in mijn eigen werk meegemaakt dat mannen meer betaald kregen dan vrouwen en dat klopt niet", fertelt in frou.

"Foar my hoecht it net"

Dochs is der ek in oar lûd te hearren op de freedsmerk. Neffens in manlike besiker binne alle minsken gelyk, mar is in frou oan de top freegjen om problemen. "Foar my hoecht it net. Se wolle harsels bewize en dan giet it mis. Ik ha twa froulju as liedingjaande hân en beiden wiene doffe ellinde. As ik mei ien siet te praten, dan waard der sein 'dat mei net'. En ferfolgens die se sels presys itselde."
In oar seit: "Se moatte der wol wêze, fan in bepaald nivo. Net om de stuoltsjes te foljen."
Freedsmerk oer mear froulju yn de top