Sân persint minder skea oan gerslân troch guozzen, mar net dúdlik wêrom

20 sep 2019 - 13:58

Guozzen ha ôfrûne winter sân prosint minder skea oanrjochte oan gerslân, ferlike mei de twa winters dêrfoar. De skea komt út op sa'n njoggen miljoen euro. Dat docht bliken út de earste sifers fan BIJ12-Faunazaken. It resultaat komt oerien mei it doel fan de provinsje om skea troch guozzen alle jierren mei fiif oant tsien prosint te ferminderjen.

Foto: Hans Pietersma

Deputearre Johannes Kramer: "Dat de skea no foar it twadde jier efterinoar nei ûnderen giet betsjut dat ús oanpak wurket. It betsjut ek dat de útfiering yn it fjild goed oppakt wurdt. In komplimint oan de boeren, jagers en natuerorganisaasjes dy't hjiroan meihelpe. Sa ûntstiet dúdlikens en rêst yn it drege guozzedossier."

Guozzen bringe skea ta oan gerslân, wêrtroch't boeren gers bykeapje moatte foar har kij. Boeren krije dêrom in skeafergoeding.

Wêrtroch't der no minder skea is, is de provinsje net folslein dúdlik. Dêrfoar ha se gegevens nedich oer it tal guozzen en de presize maatregels dy't boeren en jagers troffen ha.

(Advertinsje)
(Advertinsje)