Sykte soarget betiid yn it skoaljier al foar problemen yn Bitgummole

20 sep 2019 - 16:46

Yn de fjirde wike fan it nije skoaljier hat CBS Mooitaki yn Bitgummole al in grut probleem: der binne te min learkrêften om de klassen lesjaan te kinnen. Juf Baukje is dizze wike siik. Freed hat groep 8 dêrom frij, om't harren dosint groep 6/7 lesjout. Sy wiene tongersdei al frij, want doe krige groep 8 les.

"Het vraagt een grote mate van flexibiliteit van onze leerkrachten", fertelt direkteur Tim Zasburg, dy't no in pear moannen yn Bitgummole wurket. "Gelukkig zijn we hier wel flexibel, maar op den duur komt de kwaliteit wel in het geding, hoe flexibel we ook zijn."

Sels mar foar de klasse

Moandei en tiisdei hie de skoalle twa ferskillende ynfallers en woansdei is Zasburg sels mar foar de klasse stean gien. "Daarna kwamen we in de knel." Dat komt ek trochdat de ferfangerspûl fan de koepel CBO Noardwest-Fryslân leech is. En net allinnich dêr is it in probleem. "Heel Nederland kampt met een lerarentekort."

Foto: Omrop Fryslân, Jantine Stoffers

Alders ha neffens Zasburg begryp foar it beslút fan de skoalle om bern frijôf te jaan, mar der binne wol soargen. "We hebben ze begin deze week medegedeeld dat juf Baukje ziek was, dat het moeilijk is om inval te regelen en dat ze er dus rekening mee moesten houden dat de kinderen vrij zouden krijgen. We hebben gezegd dat we er alles aan zouden doen. Dat begrijpen ze, maar we zitten nog maar aan het begin van het schooljaar."

It leararetekoart yn byld: lege klasse by CBS Mooitaki - Foto: Omrop Fryslân, Jantine Stoffers

De griepepidemie is nog niet eens begonnen, dus het is spannend waar we tegenaan lopen.

Direkteur Tim Zasburg

Bern moatte alle jierren in bepaald tal oeren nei skoalle. Zasburg: "Gelukkig hebben we we een marge van een x-aantal uren per jaar. Maar we snoepen nu al snel van die marge, dus dit moet niet te vaak voorkomen. Het wordt wel spannend. De griepepidemie is nog niet eens begonnen, dus het is spannend waar we tegenaan lopen als er nog meer zieken zijn."

Dizze wike waard bekend dat der gjin ekstra jild komt om it leararetekoart oan te pakken, dus wat moat der dan barre? "Dat is in goede vraag", seit Zasburg. "Geld kan het beroep wel aantrekkelijker maken. Er is ook wel wat aanwas op de Pabo, maar die zijn pas over vier jaar klaar. Er zijn gewoon geen mensen nu."

(Advertinsje)
(Advertinsje)