Frou (18) slacht jonge fan 13 mei fûst yn gesicht

20 sep 2019 - 12:36

De plysje fan Ljouwert hat tongersdei in jonge frou fan 18 út de stêd oanhâlden omdat se in jonge fan 13 mei de fûst yn it gesicht slein hat.

Geweld - Foto: Shutterstock.com

De twa wiene op de Oostergowei oan it fjochtsjen. In befeiliger dy't dat gebeuren seach hat beide út elkoar helle. De frou is meinaam nei it buro. Wat de oanlieding west hat foar de fjochtpartij is net bekend. Der wie in grutte groep dy't derby wie.

Trefwurden: 
plysje slaanderij fjochtparij
(advertinsje)
(advertinsje)