Kommersjele klup Noardwest-Fryslân set punt achter pilot omjouwingswet

20 sep 2019 - 12:28

De pilot mei de omjouwingswet yn de gemeente Waadhoeke sit yn swier waar. Boargemaster Marga Waanders hat dat tongersdeitejûn sein op in sympoasium mei ûndernimmers op de Agrarische Dagen yn Frjentsjer.

Foto: Omrop Fryslân

De boargemaster die har útspraak as reaksje op in brief fan de Commerciële Club Noordwest-Friesland oan it Ryk. Neffens de kommersjele klup soe de pilot yn de praktyk tige 'sjerperich' ferrinne en is der by de ûndernimmers gjin motivaasje mear om der fierder oan mei te wurkjen. Neffens foarsitter Jeroen de Boer fan de kommersjele klup is de pilot op dit stuit 'niet meer levensvatbaar'.

Argewaasje en fertraging

Yn de gemeente Waadhoeke is in oantal projekten foar de pilot oanmeld. It giet ûnder oare om nijbouplan It Hofke yn Berltsum, in Berltsumer inisjatyf foar âldereinwenten en ek om in inisjatyf foar nijbou yn Tsjom. Yn Berltsum hat de pilot foaral foar argewaasje en fertraging soarge, mar it plan stiet net faai. De ried fan Waadhoeke hat yn in inisjatyfútstel útsprutsen dat plan It Hofke al trochgean moat.

De nije omjouwingswet wurdt yn 2021 yn hiel Nederlân ynfierd. De doelstellingen fan dizze wet binne: koartere trochrintiden foar fergunningen en bestimmingsplannen, it mear belûken fan de befolking by romtlike plannen, en ienfâldigere regeljouwing. Om alfêst ûnderfining op te dwaan mei de nije wet rint der yn ferskate gemeenten in pilot.

Ferrast

De gemeenteried fan Waadhoeke reagearret ferrast op de meidieling fan Waanders oer de problemen, want de ried wie hjir sels noch net oer ynformearre of rieplachte. Fraksjefoarsitter Hendrik Terpstra fan de VVD hat boargemaster en wethâlders dêrom freedtemoarn yn in brief om opheldering frege. "Ik siet eins noch te wachtsjen op in evaluaasje fan de pilot. As de pilot net goed ferrûn is, dan wol ik ek wite wat der krekt misgien is, sadat we dêr fan leare kinne", sa seit Terpstra.

No tiisdei is der yn Frjentsjer oerlis tusken alle belutsen partijen. Njonken Waadhoeke en de Commerciële Club Noordwest-Friesland binne ek de gemeente Harns, Wetterskip Fryslân en de provinsje dielnimmers oan de pilot.

Dochs wer oppakke

It doel fan it oerlis is om te sjen hoe't de pilot dochs wer oppakt wurde kin, seit wethâlder Jan Dijkstra fan de gemeente Waadhoeke. Dijkstra neamt de ûnderfining dy't de gemeente yn de pilot opdien hat 'tige weardefol' en fielt der eins neat foar om mei de proef op te hâlden. "Wy gean mei de ûndernimmers yn petear om te sjen wat sy nedich hawwe om dochs wer fierder te kinnen. Ophâlde is net tûk, want dy nije wet komt der sawiesa."

Neffens Dijkstra moatte alle partijen bot wenne oan de oare oanpak fan de nije wet. De nije wet skriuwt inisjatyfnimmers fan in nijbouplan foar dat sy de direkte omjouwing al by de plannen belûke foardat it plan by de gemeente yntsjinne wurdt. "Dat liket miskyn wat sjerperich, mar it kin fierderop yn it proses in soad tiidwinst opsmite", sa seit Dijkstra. Salang it om in pilot giet, is it meidwaan oan prosedueres neffens de nije wet yn Waadhoeke op frijwillige basis. Dijkstra hopet de kommende tiid dochs wer ûndernimmers ree te finen om oan de pilot mei te dwaan, ek al is de motivaasje op dit stuit net al te grut.

Fraksjefoarsitter Hendrik Terpstra (VVD) oer de problemen mei de pilot

Harkje nei de reaksje fan wethâlder Jan Dykstra

(Advertinsje)
(Advertinsje)