Meiwurkers Nij Smellinghe fiere aksje mei sneintsjinsten op tongersdei

Meiwurkers fan sikehûs Nij Smellinghe yn Drachten draaie tongersdei 26 septimber in dei lang sneinstsjinsten. Dat hâldt yn dat operaasjekeamers, radiology en de poliklinyk pre-operative screening dy dei ticht binne foar saken dy't net driuwend binne. It is ûnderdiel fan in estafetteaksje foar in bettere cao.
Sikehûs Nij Smellinghe yn Drachten © Omrop Fryslân, Aise van Beets
De sneinstsjinsten binne de 'stakingsfariant' foar sikehûzen. Sikehûsmeiwurkers dy't ynroastere binne, fiere aksje en dogge wurk dêr't se gewoanwei net oan takomme. Op twa mominten op de dei sammelje de meiwurkers foar de yngong fan it sikehûs om it protest krêft by te setten.
Op de operaasjekeamers wurde wol akute pasjinten, onkologyske pasjinten en bern behannele. Ek by radiology kinne akute pasjinten terjocht. It sikehûs bellet fan takom moandei ôf alle pasjinten fan wa't de ôfspraak ferpleatst wurde moat. Ofspraken dy't net ôfbelle wurde, geane wol troch.

Leansferheging en bettere ôfspraken

De fakbûnen wolle in leansferheging fan fiif persint en in ekstra taslach foar meiwurkers dy't op it lêste momint oproppen wurde foar it wurk. Dêrnjonken wolle de bûnen goede ôfspraken oer arbeids- en rêsttiden en oer ynstream en behâld fan meiwurkers.
De meiwurkers fan Nij Smellinghe freegje ek de Ried fan Bestjoer om te tekenjen foar stipe en harren efter it personiel te stellen yn it konflikt mei wurkjouwersferiening Nederlandse Vereniging van Ziekenhuizen. By Nij Smellinghe giet it om sa'n 1500 meiwurkers dy't ûnder de cao falle.
Nij Smellinghe en twa sikehûzen yn Limboarch pakke mei de protestaksje it stokje oer fan it Ommelandersikehûs yn Grinslân, dat dizze wike deselde aksje fierde. Nei takom wike nimme oare sikehûzen it wer oer.