Noordelijk Film Festival wurdt grutte oade oan Pieter Verhoeff

It Noordelijk Film Festival, dat dit neijier foar de fjirtichste kear holden wurdt, wurdt in oade oan de Fryske regisseur Pieter Verhoeff, dy't yn april yn de âldens fan 81 jier stoar. In grut diel fan Verhoeff syn oeuvre wurdt fertoand op it festival, wêrûnder ek syn minysearje De Vuurtoren út 1994.
Pieter Verhoeff ûntfangt in oeuvrepriis op it Noordelijk Film Festival 2013 © Afke Manshanden
It fertoanen fan dy minysearje drige yn earste ynstânsje te mislearjen, fanwegen gedoch oer de rjochten. Mar úteinlik is it goedkaam. "We binne hiel bliid dat it slagge is", seit Fredau Buwalda, programmeur fan it Noordelijk Film Festival. "It wie even spannend, mar we ha alles op alles set. Sa ha we kontakt socht mei safolle mooglik cast- en crewleden dy't meiwurke ha oan De Vuurtoren. Mei troch harren entûsjasme kinne we no dizze oade oan Pieter Verhoeff bringe."

Grut foarbyld

En dat is terjochte, leit Buwalda út. "Verhoeff is ien fan de wichtichste minsken yn de Fryske filmskiednis en in grut foarbyld foar makkers út it hiele lân. Leafhawwers krije no de kâns om syn oeuvre yn syn gehiel te ûnderfinen. Al dat bysûndere wurk yn ien wykein, dat is unyk."
Peter Tuinman spile in rol yn hast alle films fan Verhoeff. Hy is wiis mei it inisjatyf. "Ik fyn it in bysûnder hertferwaarmjend en terjochte plan. Verhoeff wie ien fan de grutste persoanlikheden fan ús filmhistoarje en fertsjinnet in grut retrospektyf. Hy hat in yntinse rol spile yn myn karriêre."
De Vuurtoren wurdt snein 10 novimber fertoand yn stedsskouboarch De Harmonie. Yn it foar is der in yn memoriam: mei fragminten en petearen mei gasten wurdt weromsjoen op Verhoeff syn karriêre as filmmakker.

Spesjale 35mm-projektor

Fiif films fan Verhoeff binne ek te sjen. Dy wurde fertoand op in tradisjonele 35mm-projektor, dy't foar de gelegenheid spesjaal ynstallearre wurdt. It giet om Het teken van het beest (1980), De dream (1985), Van geluk gesproken (1987), Nynke (2001) en De brief voor de koning (2008). Dy wûnen mei elkoar acht Gouden Kalveren. Se wurde op 9 en 10 novimber fertoand yn it eardere Filmhuis.
Njonken De Vuurtoren en de fiif films wurde ek twa dokumintêres fan Verhoeff útstjoerd. Yn dat sykjen sûnder finen (2008) giet oer dichter Tsjêbbe Hettinga en Dwers & Tear (2014) oer Verhoeff syn fêste komponist Cees Bijlstra. Fierders wurde de 'mockumentary' Rudy Schokker huilt niet meer (1974) en de koarte film Rudy Schokker Revisited (2008) fertoand.