Rjochtbank mei learlingen moat konflikten op Ljouwerter skoallen oplosse

Foar it earst op it Stedelijk Gymnasium en it Leeuwarder Lyceum kinne de learlingen fan freed ôf op skoalle sels konflikten oplosse mei behelp fan in jongererjochtbank. Tritich learlingen fan de twa middelbere skoallen wurde ynstallearre as jongererjochter. Dat bart op offisjele wize by de rjochtbank Noard-Nederlân yn Ljouwert.
It gymnasium fan OSG Piter Jelles yn Ljouwert © Omrop Fryslân, Joris Kalma
It is de bedoeling dat de rjochtbank foar jongeren geregeld gearkomt om saken te behanneljen dy't op de skoallen spylje. It idee is oerwaaid út Amerika. Neffens Arjan Marchand fan it Stedelijk Gymnasium is it inisjatyf op de Ljouwerter skoallen net út needsaak berne, mar wurdt it wichtich fûn dat de learlingen belutsen wurde by de regels op skoalle.
"Het is natuurlijk makkelijk om bij een overtredinkje de rector een schorsing te laten uitspreken, maar wij vinden het veel effectiever en veel mooier ook als leerlingen daarover meepraten en beslissen. En daarom hebben we die stap gezet. Het loopt dus niet de spuigaten uit, ze rollen echt niet vechtend over de gang bij ons, maar we willen leerlingen daar gewoon meer bij betrekken."

Spesjale oplieding

De tritich jongererjochters, fyftjin fan elke skoalle, ha in spesjale oplieding hân. Se ha by de plysjerjochter en op it plysjeburo west, se ha rjochtsaken folge en workshops hân fan in offisier fan justysje, rjochter en advokaat. Ek binne se traind yn it skriuwen fan fûnissen. "Ze komen goed beslagen ten ijs", seit Marchand. "En vervolgens organiseren wij elke maand een rechtszaak, een zitting, en gaan we kijken of er op school een incident heeft plaatsgevonden dat besproken kan worden."
De learlingen wiene fuortendaliks entûsjast om mei te dwaan, seit Marchand. Der wiene mear oanmeldingen as plakken. "Los van wat het voor onze school betekent, is het natuurlijk voor hen persoonlijk ook een prachtige kans om zich op deze manier te verdiepen in recht, herstelrecht en rechtspraak."
Arjan Marchand fan it Stedelijk Gymnasium oer de jongererjochtbank