GGZ Fryslân rint foar it goede doel: "Te veel vooroordelen over psychische stoornissen"

20 sep 2019 - 11:05

In groep meiwurkers fan GGZ Fryslân begjint freedtemiddei mei de saneamde Social Run. Dat is in estafettetocht en stichting dy mear omtinken ha wol foar de foaroardielen dêr't minsken mei psychyske klachten mei te krijen ha. De meiwurkers fan de GGZ rinne mei-inoar 555 kilometer, ûnder oare troch Fryslân hinne.

GGZ Friesland - Foto: Omrop Fryslân

Stefan van der Driest fan GGZ Fryslân oer it belang fan de aksje: "Er zijn veel vooroordelen over mensen met een psychische stoornis. Zo zouden ze niet in staat zijn om een baan te hebben, of ze zouden gevaarlijk zijn. Wij zijn het daar, als geestelijkegezondheidsinstelling, niet mee eens."

Het snelst lopen doen we zeker niet, dus moeten we maar ergens anders het beste in zijn.

GGZ Fryslân hat oant no ta it measte jild ophelle

Der binne yn totaal 41 teams dy't meidogge oan de estafette, allegear fan ynstellingen yn de psychyske sûnenssoarch. Dy ha mei-inoar no hast 100.000 euro ynsammele. Dêrfan hat it team fan GGZ Fryslân mear as in tsiende ophelle. "Iemand moet ergens het beste in zijn", laket Van der Driest. "Het snelst lopen doen we zeker niet, dus moeten we maar ergens anders het beste in zijn."

Aktiviteiten yn Frjentsjer

De start fan de estafette is yn Soesterberg, by Utrecht. "Dan gaan we richting Deventer, omhoog naar Assen en daarna onder Groningen door richting Fryslân. Dan komen we langs Leeuwarden en gaan we naar een van onze mooie locaties, in Franeker." Yn Frjentsjer wurdt der in hiel evenemint fan makke. "Niet alleen ons team komt daarlangs, maar ook andere teams. Daar houden we een feestje met muziek, eten, drinken en spelletjes. Niet alleen voor de teams, maar ook voor bezoekers en cliënten."

"Het wordt enorm zwaar"

Omdat it fyts- en kuierpaad fan de Ofslútdyk ticht is, moatte se dêr oerhinne mei buskes. "Helaas. Maar daarna gaan we langs Amsterdam richting Den Haag en dan steken we weer terug naar Soesterberg. Als het goed is, hebben we dan 550 kilometer in de benen zitten."

Van der Driest hopet dat se binnen 50 oeren klear binne. "Het is non-stop, dus het wordt enorm zwaar. Maar we gaan ervoor."

Stefan van der Driest fan de GGZ Fryslân

(Advertinsje)
(Advertinsje)