Fleanfjild Grins hjit foar ien dei Fryslân Airport Eelde

20 sep 2019 - 10:34

In opmerklik gesicht by Eelde: it fleanfjild dêr hat freed in oare namme: Fryslân Airport Eelde. Op it nammeboerd by de yngong fan it fleanfjild stiet gewoanwei Groningen Airport Eelde, mar dat wurdt ien dei ferfryske. It is in ludike aksje, mar ek in statement fan de sakeklup fan it fleanfjild.

Foto: Dokkumer Vlaggen Centrale

"Toen we hoorden dat een grote groep Friese ondernemers van Eelde naar Helsinki wilde vertrekken, dachten we: het is tijd om te laten zien dat het niet alleen een vliegveld voor Groningen en Drenthe is, maar ook voor Fryslân", fertelt Harm Post, foarsitter fan it GRQ Business Network. "Vandaar deze actie, die is goed geslaagd vinden we."

Groningen pretendeert een internationale stad te willen zijn, maar ze willen geen aandeelhouder meer zijn van de luchthaven.

Harm Post, GRQ Business Network

Mar it is net allinnich in ludike aksje, seit Post. Der sit ek in boadskip efter. "Als ondernemersgroep zijn we nauw betrokken bij de luchthaven, maar we zijn teleurgesteld in de gemeente Groningen. Ze pretenderen een internationale stad te willen zijn, maar ze willen geen aandeelhouder meer zijn van de luchthaven."

Ek oprop oan Fryslân

Dêrnjonken is it ek in oprop oan de provinsje Fryslân. "Het is geen goede zaak dat Fryslân op afstand blijft", fynt Post. "Erken, door actief mee te doen, dat een luchthaven ontzettend belangrijk is voor het zakelijke klimaat in Noord-Nederland." En dus moat de provinsje wat dwaan, as it oan it GRQ Business Network leit. "Het mooiste zou zijn dat Fryslân aandeelhouder wordt. Dat is in het verleden al vaak geprobeerd om voor elkaar te krijgen, maar we willen toch een statement maken dat het moet gebeuren."

(Advertinsje)
(Advertinsje)