FIDEO: In libben lang wurkje oan de Ofslútdyk

20 sep 2019 - 09:01

Berne yn 1932, hat Herman Pennekamp it momint noch 'meimakke' dat it lêste gat yn de Ofslútdyk tichtmakke waard. Hy wie 19 jier doe't er syn earste baan krige oan de dyk. By in bedriuw dat it ûnderhâld fan de dyk fersoarge. En hy hat sûnt dy earste baan de wetterkearing eins nea ferlitten. "De dijk was nooit af. Er viel altijd wel wat aan te leggen of te repareren", fertelt de Hippolytushoever.

De kommende fjouwer jier ûndergiet de Ofslútdyk in flinke ferbouwing. De dyk wurdt fersterke en ferhege om Nederlân ek yn de takomst te beskermjen tsjin it seewetter. Yn 32 reportaazjes, likefolle as it oantal kilometers fan de Ofslútdyk, fertelle Omrop Fryslân en NH Media it ferhaal fan it ikoanyske bouwurk troch de eagen fan de minsken dy't alle dagen mei de dyk te meitsjen hawwe. Alle ferhalen en it oare nijs oer de Ofslútdyk is te finen op ús temaside.

Trefwurden: 
Ofslútdyk
(Advertinsje)
(Advertinsje)