Kollum: "Skiermûntseach"

20 sep 2019 - 08:30

"Foardat wy begûnen te skûtsjesilen yn 2007, gongen wy altyd mei de bern te farren yn 'e boufak en meastal sieten wy dan op Skylge of Skiermûntseach. Fytse, fiskje, farre, krabben fange en drûchfalle; it wiene moaie tiden. Us earste fakânsje mei de bern nei it bûtenlân wie yn 'e hjerstfakânsje fan 2007. De reis gong nei Súd-Frankryk, omdat it net sa lang fleanen wie.

Hilda Talsma - Foto: Omrop Fryslân

De Toan fan Hilda Talsma

Letter ha wy wol faker nei it bûtenlân op fakânsje west mar dochs woene de bern, en dan benammen ús dochter, graach wer in kear drûchfalle. En it ôfrûne wykein wie it safier! Nei al dy jierren leine wy wer yn 'e haven fan Skiermûntseach en wat is it dêr prachtich!

As ik dan neitink oer de âlden dy't mei lytse pjutten en poppen op sa'n drok fleanfjild omtoarkje, dan bin ik sa bliid dat wy dat doe net dien ha! Ik tink dat ik gek wurden wie, mei fjouwer lytse bern, en ik ha hiel moaie oantinkens oan de fakânsjes yn ús heitelân. Allinnich de tocht troch de Dokkumer Ie is al geweldich!

En dat wie it no wer! It wie hearlik waar en wat ik sa moai fyn op Skier is de stilte. Ast troch ús provinsje farst, is der eins altyd wol earne in dyk dêr't auto's oerhinne jeie, mar op it eilân net. Hearst dêr allinnich mar fûgels, de wyn en it klotsen fan it wetter tsjin de boat. Mar as it eb is, dan hearst dat ek net iens.

Mei in platboaiem kinst gewoan drûchfalle en dat is hiel bysûnder. Eb en floed; we witte dat it sa is, mar om it echt mei te meitsjen, bliuwt alle kearen wer in wûnder. Want it wetter is op in bepaald momint 'ynienen' fuort en dan leit de boat op de boaiem fan de see en kinst waadrinne. Der binne dan ek in hiel soad fûgels dy't op syk geane nei in lekker miel.

Sa hawwe wy ûnder oare trije leppelbekken sjoen en doe't it wer heechwetter wie, swom der in seehûn yn 'e buert fan ús boat. As de floed ynbrekt, dan komt de wyn faak ek opsetten en de freedtejûns wie dat momint wol hiel betsjoenend mei in grutte, rûne, folle moanne dy't steatich boppe de hoarizon ferrize.

It tij hat alles te krijen mei de swiertekrêft fan de moanne, de sinne en de ierde mar sels as immen my dat foar de 100ste kear útleit, begyp ik der noch neat fan. En dat fyn ik eins wol moai, want it is in wûnder fan de natoer dêr't wy oan oerlevere binne en rekken mei hâlde moatte. Op sokke mominten is de 'boaze' bûtenwrâld ynienen ek fier fuort en dat is hielendal net slim foar in kear.

Skiermûntseach is net grut en de sfear is hiel ûntspand. Neffens my komme der in protte natoerleafhawwers en kuierders. It is lokkich noch gjin Flybiza, want ik ha heard dat Flylân oerspield wurdt mei hipsters en jildsekken, fandêr de nije namme. Fakânsjehuzen wurde foar miljoenen ferkocht en it is in spultsje fan sjen en sjoen wurde.

Mar dat ha ik heard, hear, en it stie yn 'e Quote dus ik wit net oft it echt wier is. Krekt sa as it stikje oer ús werf dat ôfrûne freed yn 'e krante stie. Jelle Talsma wie ynienen Jannes Talsma en guon kwoots werkende er himsels ek net yn. En omdat it net de earste kear wie, freegje wy ús gauris ôf wat der allegear wier is fan it oare nijs.

Mar ik wie al mei Jelle en de bern op Skier. Echt wier! En wy ha genoaten!"

(advertinsje)
(advertinsje)