Fryske gemeenten moatte besunigje, wylst Ryk jild oerhâldt: "It is hast net út te lizzen"

20 sep 2019 - 08:07

In soad Fryske gemeenten ha serieuze jildproblemen en moatte besunigje. Dat seit wethâlder Maarten Offinga fan de gemeente Súdwest-Fryslân, dy't ek yn de kommisje foar finânsjes fan de Vereniging van Nederlandse Gemeenten (VNG) sit. Ek gemeenten yn Grinslân en Drinte ha grutte tekoarten, seit Offinga.

Foto: Shutterstock.com

Op Prinsjesdei waard bekend dat it Ryk jild oerhâldt op de begrutting. Fan de 305 miljard euro wurdt der ûngefear 302 miljard bestege. Gemeenten krije lykwols minder jild en moatte dêrtroch op ferskate flakken besunigje. "Swimbaden, biblioteken, yngripe yn de soarch, dat is hast net út te lizzen", seit Offinga.

Syn eigen gemeente hat te krijen mei in tekoart fan 10 miljoen euro foar de kommende perioade. Offinga: "Ek Súdwest moat hiel serieus snije yn de foarsjenningen. Wy komme yn oktober mei foarstellen om in feite wol in slutende begrutting te krijen."

Jeugdsoarch

De tekoarten binne ûntstien nei't it Ryk ûnder oare de jeugdsoarch oerdie nei de gemeenten. Dêr kaam net it jild by dat der foar nedich wie. "It is net allinnich de jeugdsoarch, ek mear dielen fan de soarch", leit Offinga út. "It hat ek te meitsjen mei de útkearing dy't we normaal krije, dy is ek in stik leger. Dus alles by mekoar binne dit de oarsaken fan de grutte problemen by alle gemeenten."

De VNG hat freed in gearkomste en sil dan ek prate oer de jildkrapte by de gemeenten. De feriening wol der by de ferantwurdlike minister op oantrúnje, om dochs mei jild oer de brêge te kommen.

Maarten Offinga, wethâlder fan de gemeente Súdwest-Fryslân en kommisjelid fan de Vereniging van Nederlandse Gemeenten (VNG)

(advertinsje)
(advertinsje)