Snitser klups wolle sportpark yn Harinxmaland: "Dêr woene wy altyd al nei ta"

20 sep 2019 - 06:00

Fuotbalklup ONS en de follyballers fan VC Snits hawwe plannen foar in nij sport- en bewegingssintrum yn nijbouwyk Harinxmaland yn Snits. Sy hawwe de plannen presintearre oan de gemeente Súdwest-Fryslân. Yn it nije sportplan soe ek it ûnderwiis en sosjale helpfoarsjenning in plak fine moatte, lykas ROC Friese Poort en Empatec.

Foto: ONS Snits

De gemeente en sportklups binne al in pear jier dwaande mei it finen fan in nije lokaasje. Op it hjoeddeiske plak is der foar de fuotbal-en hockeyklup te min romte. Earder wie der in plan mei fuotbalklup Snits Wyt Swart, mar dy wol perfoast op sportpark Tinga bliuwe. In fúzje tusken de fuotbalklups klapte dêrtroch.

Ek foar festivals

ONS krige fan de gemeente opdracht om oan in eigen, nij plan te wurkjen. Dat is der no: by Harinxmaland moat in grut park oanlein wurde mei sportfjilden en in multyfunksjonele hal mei ferskate fasiliteiten, is it idee. It park moat yn de simmer funksjonearje kinne as lokaasje foar bygelyks festivals, fertelt Jan Roelof Middeldorp fan ONS.

Foto: ONS Snits

"De learlingen oan de Friese Poort soene dêr harren sportaktiviteiten dwaan kinne en mooglik smyt it ek wurk op foar Empatec," seit Middeldorp. "It is in gearwurking tusken ferieningen, bedriuwen en maatskiplike organisaasjes. Dat moat derfoar soargje dat sport en bewege foar eltsenien mooglik wurdt."

Mooglik dat letter noch mear partijen yn it projekt stappe. "Wy hawwe yn earste ynstânsje allinnich kontakt hân mei partijen dy't dit sels wolle."

Feroaringen yn de stêd

As alles trochgiet, hat it grutte gefolgen foar de stêd, beseft Middeldorp. "Want wy soene it Sudersportpark ferlitte en VC Snits de binnenstêd. Dan komt der romte frij. It giet net allinnich om de fuotbalklup, mar ek om de stêd en de ynrjochting."

De earste faze fan in helberheidsûndersyk is presintearre oan in groep amtners fan de gemeente, ûnder lieding fan wethâlder Gea Wielinga. "It wie in positive gearkomste", seit Middeldorp. Oer jild hawwe sy it noch net hân. "It giet earst om it kreëarjen fan draachflak. As de stêd Snits it sitten sjocht, dan komt der ek mear fokus op. Wy ferwachtsje dan ek dat mear partijen oanheakje."

Perfekte lokaasje

De teams fan ONS Snits spylje harren wedstriden no op it Sudersportpark. Giet alles troch, dan ferhûzje se dus nei it noarden fan de stêd. Harinxmaland is in perfekte lokaasje, fynt Middeldorp. "Dêr woene wy altyd al nei ta. Oan dy kant fan de stêd is it ideaal. It gebiet is al frij en it is ticht by it plak fan de maatskiplike organisaasjes."

De gemeente Súdwest-Fryslân is no oan set. Middeldorp ferwachtet takom wike in earste reaksje te krijen.

Jan Roelof Middeldorp

(advertinsje)
(advertinsje)