Mei WK foar de doar moat Ultimate Frisbee yn Ljouwert in fêst plakje krije

Ljouwert organisearret takom jier it wrâldkampioenskip Ultimate Frisbee, mar Fryslân hat noch gjin eigen frisbeeklup. Dêrom is de âlde frisbeeklup út de jierren 80 en 90, FLUG (Frisbee Leeuwarden Ultimate Groep), nij libben ynblaasd. No wurde der clinics jûn yn de stêd. "Daarmee willen we de sport hier bekender maken", fertelt Ellen Seerden.
Ultimate Frisbee
Seerden is oant no ta it iennige lid fan FLUG. "Daar moet verandering in komen", seit se. It idee foar de clinics is ûntstien trochdat it WK takom jier yn Ljouwert is. "Dan kun je als stad niet achterblijven."
Dêrom naam Seerden kontakt op mei minsken dy't yn de jierren 80 en 90 al yn FLUG sieten. "Zo is het balletje een beetje gaan rollen. Omdat ik ook in het bestuur zit van de Nederlandse Frisbeebond, heb ik de ingangen. En ik werk veel met studenten, dus zo hoop ik het voor elkaar te gaan boksen."
Frisbee is nammentlik in echte studintesport, seit ek Igno van Hees, trainer fan it Nederlânske frisbeeteam ûnder de 17. Hy jout oanwizingen by de clinic yn it Rengerspark, dêr't seis minsken op ôf kamen. "Leeuwarden staat nog iets minder bekend als studentenstad. En je moet toevallig net wat mensen hebben die het opstarten. Dat proberen we hier nu te doen."
Hy is entûsjast oer de seis dy't de clinic folgje. "Ik ben positief verrast, ze doen het redelijk goed. Ze hebben de worp goed door en ze pakken het goed op." Dochs sil it WK noch wat oan de betide kant wêze. "Het Nederlandse frisbeeteam bestaat uit mensen die al jaren trainen, ook fysiek. Ze staan drie à vier keer per week in de sportschool."

Yntinsje is fyftjin leden

Om yn Ljouwert in echte frisbeeklup yn stân te hâlden, moatte úteinlik sa'n fyftjin minsken har melde. "Zes mensen is een mooi aantal voor deze try-out, maar voor een club is dat nog niet genoeg", seit Heerden. "Met vijftien mensen kun je een competitie starten. Dat is de intentie. Met de clinics willen we laten zien dat je hier in Leeuwarden ultimate frisbee kunt doen. Volgende maand hebben we nog een clinic en dan hopen we dat er wat mensen blijven hangen bij FLUG. Hopelijk kunnen we dan in de winter een indoorcompetitie houden en trainen."