It rûkt frjemd oan de súdwestkant fan Mitselwier: brânwacht ûnwis oer oarsaak

19 sep 2019 - 21:44

De brânwacht fan Eanjum en de plysje binne tongersdeitejûn oproppen yn Mitselwier. Yn dat doarp soe in frjemde lucht hingje, benammen oan de súdwestkant om de Roptawei, Skipfeartsein en Pelfinne hinne. De brânwacht hat besocht út te finen wêr't de rook krekt weikomt, mar dat is lykwols net slagge.

Foto: De Vries Media

Nettsjinsteande dat soe it neffens de brânwacht net om wat gefaarliks gean. De brânwacht is werom nei de kazerne gien en ek de plysje is weromgien.

Trefwurden: 
Mitselwier lucht Roptawei
(Advertinsje)
(Advertinsje)