Smellingerlân optimistysk oer kandidaatstelling European City of Sport

It bestjoer fan de gemeente Smellingerlân rekkenet derop dat de gemeente takom jier European City of Sport wurdt. De offisjele útslach komt pas yn novimber, mar der binne net mear kandidaten.
Swimbad De Welle yn Drachten © Omrop Fryslân, Bauke Deelstra
Yn stikken fan it kolleezje stiet dat Smellingerlân de kâns fan slagjen op 100% skat, "omdat het aantal kandidaatstellingen in Nederland niet groter is dan het aantal te vergeven
titels."
Letter dizze moanne komt de auditkommisje op besite yn Smellingerlân en it offisjele beslút troch dy kommisje komt pas yn novimber.

Finansjele útdaging

It soarget mooglik wol foar in finansjele útdaging, neffens it kolleezje. Want as de titel European City of Sport takend wurdt oan Smellingerlân, dan is der finansjele dekking nedich. En dat wylst de gemeente besunigje moat, yn it bysûnder op sport.

Ympuls foar de sport

Smellingerlân hat him kandidaat steld om de sport yn de gemeente in ympuls te jaan. "Het geeft eigenlijk aan dat je de sport hoog in het vaandel hebt en dat je sport aan zoveel mogelijk mensen ten goede wil laten komen" sei boargemaster Jan Rijpstra fan Smelingerlân earder. Doe sei hy ek dat er net hielendal wis wie fan de titel, ek net as der gjin konkurrinten binne: "Je moet wel een bepaalde score halen. Je moet boven de acht punten gemiddeld scoren op alle verschillende terreinen."
Rijpstra wie earder boargemaster fan Noordwijk yn Súd-Hollân. Dy gemeente hat ek European City of Sport west. "Ik weet precies wat het een gemeente kan brengen. Met die titel mag je trots zijn op wat je hebt bereikt."