Marjolijn Kroon hâldt op as kuorbalynternasjonal

19 sep 2019 - 19:44

Kuorbalster Marjolijn Kroon hâldt op by Oranje. Se wol har rjochtsje op har maatskiplike karriêre. De 28-jierrige Kroon bliuwt wol aktyf by har klup LDODK út De Gordyk.

Marjolijn Kroon yn in ynterlân tsjin Poalen - Foto: www.orange-pictures.nl

Kroon spile sûnt 2011 foar Oranje. Se waard trije kear wrâldkampioen en pakte ek trije kear de Europeeske titel. Yn al dy toernoaien stie Kroon yn de basis.

Har beslút hat se woansdei meidield oan har teamgenoaten fan Oranje. "TeamNL Korfbal was meer dan alleen korfbal", seit Kroon. "Het heeft me niet alleen veel mooie momenten gegeven, ik heb er ook veel van geleerd in mijn persoonlijke ontwikkeling en zelfstandigheid".

Ferline wike waard bekend dat de Fries Erwin Zwart ek in punt efter syn ynternasjonale karriêre set. Hy is ta oan in oare útdaging.

Trefwurden: 
kuorbal LDODK Marjolijn Kroon
(Advertinsje)
(Advertinsje)