Netwurk fan gemeenten siket pearels fan it plattelân

19 sep 2019 - 19:44

Der moat in spesjale rûte troch Nederlân komme mei pearels fan it plattelân, dat is wat de saneamde P10 wol. De P10 is in gearwurkingsferbân tusken 20 plattelânsgemeenten út ferskate provinsjes. Ut Fryslân wei sitte dêr De Fryske Marren, Opsterlân en Eaststellingwerf by. Om dat foar inoar te krijen is der in wedstriid útskreaun. Minsken dy't plakken, eveneminten of inisjativen kenne dy't in besite wurdich binne, kinne dy ynstjoere.

Uniastate yn Bears - Foto: Wikimedia Commons

De wedstriid is in ynfolling fan de jierlikse Henk Aalderink-priis, dy't sjen litte wol wat der yn Nederlân op it plattelân bart. De 'pearelkweker' dy't de moaiste pearel fan it plattelân ynstjoert, kin 2.500 euro winne.

Ynstjoere kin oant 11 oktober fia de webside fan P10. De winner wurdt op 27 novimber bekend makke.

Trefwurden: 
plattelân P10 pearels
(Advertinsje)
(Advertinsje)