Vensterschool yn Noardwâlde tenei smookfrij

19 sep 2019 - 19:25

Tenei moat it skoalplein fan Vensterschool Noordwolde smookfrij wêze. Wethâlder Hanneke Zonderland en skoalledirekteur Jarno Oeben hawwe tongersdei in buordsje fan 'Rookvrije generatie' ophongen op it plein yn Noardwâlde. Net ien mei mear smoke op it terrein of yn it sicht fan de bern.

Vensterschool Noardwâlde - Foto: Google Street View

Yn it doarp hingje mear buordjes, bygelyks by de sportskoalle. GGD Fryslân en De Friesland Zorgverzekeraar moedigje minsken oan om op te hâlden mei smoken.

(Advertinsje)
(Advertinsje)