WK dielname Epke Zonderland noch ûnwis: wat binne de opsjes?

19 sep 2019 - 19:11

Epke Zonderland beslist dit wykein oft hy meidwaan sil oan it wrâldkampioenskip turnjen. Epke hat noch altyd lêst fan syn foarholleholte en wit dêrom net oft hy folút turnje kin.

It probleem wurdt feroarsake trochdat Epke twa kear flink ferkâlden west hat de ôfrûne moannen. Dêrfoar hat hy wol in antibioatika-kuer krigen, mar syn foarholleholte bliuwt in swak punt. "Benammen as ik wat ynein bin en myn wjerstân wat leech is, wol it wol wer ris nei boppe komme."

It WK yn Stuttgart set útein op 4 oktober. Dit wykein fynt in oefenynterlân plak foar it Nederlânske team, dêr't Epke ek oan meidocht. Hy sil meidwaan oan syn favorite tastel rekstôk en dêrnei oerlizze mei syn coach Daniël Knibbeler en de bûnscoach Bram van Bokhoven.

De bûnscoach makket nei de oefenynterlân bekend watfoar seis turners, wêrfan ien reserve, meigean nei it WK. Gewoanwei heart Epke dêr fansels wol by, mar no wol hy earst sjen hoe't it giet en hoe't hy opknapt. "It is oan de bûnscoach, mar as ik goede oefeningen delsette kin, liket it my wol dúdlik."

Trije opsjes foar pleatsing foar de Olympyske Spelen

Opsje 1:

Op it WK kin Nederlân him pleatse foar de Olympyske Spelen. As team moatte se dan by de earste njoggen einigje op de skjinne list. Dat betsjut dat Sina, Ruslân en Japan net meitelle, om't dy lannen harren al pleatst hawwe. Ferline jier waard Nederlân op it WK sânde by de kwalifikaasjes en achtste yn de finale. By de earste njoggen, sûnder de trije toplannen, liket dus realistysk.

Opsje 2:

Slagget it Nederlân net, dan is der foar Epke noch gjin man oerboard. As Epke in medalje hellet op it WK, krijt hy ek in Olympysk ticket. Sterker noch, as Epke ien fan de bêste trije turners is dy't him noch net pleatst hawwe foar de Spelen fia it team, dan is hy ek pleatst foar de Spelen. Sa kin hy bygelyks achtste wurde, as alle oaren foar him fia de bêste tolve lannen al pleatst hawwe. Gewoanwei, as Epke fit is, is Epke titelfavoryt.

Opsje 3:

Slagget it net mei it Nederlânske team of mei in medalje op it WK, dan is der noch in tredde opsje. In yndividuele turner kin him ek pleatse as hy trije kear in wrâldbeker wint. Epke hat der al twa wûn. Nei Stuttgart binne der noch in tal wrâldbekers. Epke: "Ik stean der goed foar. Ik haw eins noch ien grandioaze dei nedich om my te pleatsen, mar dat moat dan noch wol efkes."

Noch mear Friezen nei it WK?

Neist Epke meitsje ek de Ljouwerters Michel Bletterman en Rick Jacobs kâns op dielname oan it WK. Dan moatte se harren goed sjen litte op it oefentoernoai, wêryn't se turne tsjin Australië, Guatemala en Spanje.

Rick Jacobs is de jongste fan de twa. De 23-jierrige Ljouwerter die twa wiken lyn ek mei oan in oefenynterlân. "Ik had me daarvoor goed voorbereid, ik had zelfvertrouwen en het harde werken betaalde zich uit." Jacobs sette dêr in goede prestaasje del en makket no dus in goede kâns om yn de seleksje opnommen te wurden. "Ik moet nu gewoon taakbewust mijn oefeningen uit turnen."

Michel Bletterman hat al mear ûnderfining. Hy wie yn 2015 de man dy't Nederlân holp oan it Olympysk ticket troch in soad punten foar it team te pakken. Hy waard lykwols as reserve oanwezen foar de Spelen yn Rio de Janeiro. En dus hat hy no noch ien doel: him pleatse foar de Spelen.

"Die reserveplek heb ik vaak genoeg mogen invullen, maar ik moet die Spelen ook gewoon een keer halen. Het moet nu gebeuren en ik zal erheen gaan. Ik denk dat het 80 procent zeker is dat ik ga"

(advertinsje)
(advertinsje)