In grutte ferrassing op de brulloft fan Jari en Milena: flogger Enzo Knol

"Snel een kusje en dan vlogje kijken." It binne de wurden dy't Jari Yntema faak seit tsjin syn frou Milena Yntema as hy út syn wurk wer thúskomt yn Warkum. Jari is al jierren fan fan de flogger Enzo Knol. Mar hy hie nea tocht dat hy syn held moetsje soe op syn troudei.
It breidspear en Enzo Knol © Eigen foto
It idee kaam fan Milena sels. "Ik wilde iets doen om hem de verassing van zijn leven geven!" Dêrom hat sy Enzo frege oft hy de ringen bringe woe op de brulloft.

Ring ferdwûn

Ofrûne moandei, 16 septimber, sette it komplot útein. Om't de komst fan Knol in ferrassing bliuwe moat is der foar de trouwerij in twadde ringdrager regele, dy't in leech doaske oan it breidspear jout. In soad gasten fan de brulloft sitte yn it komplot, ek de trou-amtner. Sy sei as folleard akteur: "Wordt hier een grapje uitgehaald?"
Jari, dy't stomferheard nei it doaske sjocht, wit op dat momint net wêr't hy it sykje moat. Oant der ynienen ien yn de fierte oanrinnen komt. "Hell no!" raast Jari as hy sjocht dat it Enzo Knol is dy't mei de ringen oanrinnen komt.
Enzo, dy't sels noch nea op in brulloft wie, fûn it in eare om it te dwaan. Dat sei hy yn syn eigen flog tsjin mear as 2 miljoen folgers.
Enzo Knol crasht de brulloft fan Jari en Milena

Houlikskado

De bekende flogger kaam net mei lege hannen oan, mar naam 500 euro mei as houlikskado. Ek mochten de gasten efkes meiride yn syn Lamborghini.
Wat it breidspear mei it jild dwaan sil? Earst efkes op 'e side lizze, sa't sy noch efkes sparje kinne foar de houliksreis dy't sy hooplik dit jier en oars takom jier dwaan wolle.