Wurk oan Sinnepark Westeinde by Ljouwert úteinset: projekt fan ûnderen op

19 sep 2019 - 18:33

In sinnepark by de Ljouwerter wyk Westeinde moat goed 1.100 húshâldingen fan stroom foarsjen. Westeinde soe op termyn folslein enerzjyneutraal wurde moatte, as it oan inisjatyfnimmer Henk de Wit leit. Der is goed fiif jier oan wurke, mar tongersdei gie de earste peal de grûn yn.

Sinnepark Westeinde by Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Jeroen Boersma

Inisjatyfnimmer Henk de Wit fan Stichting Westeinde Energieneutraal leit út wêr't it sinnepark krekt komt: "Dit is het oude snelwegtraject van Leeuwarden naar Franeker, waar voorheen een tankstation stond. Daar komen de zonnepanelen."

De Wit wennet sels yn Westeinde en is tige grutsk op it projekt. "We doen niet alleen dit, maar we zijn begonnen met veel meer energiebesparende maatregelen in de wijk. Met dit park zijn we al vijf jaar bezig, met andere maatregelen zijn we begonnen in 2013."

Fan ûnderen op

It is tige bysûnder dat it sinnepark út de wyk sels wei komt. "Het is erg mooi dat we dit als particulieren voor elkaar hebben gekregen. Alles wat we hier doen is ons project. We hebben voor de financiering moeten zorgen en het geld geleend, dat is ons gelukt. Als particulieren moet je ervoor zorgen dat je genoeg geld op tafel krijgt," seit De Wit.

800 meter lang

Der komme in lytse 9.500 sinnepanielen, dy't sa'n 325 Wp yn de oere opleverje. It park wurdt 800 meter lang en ferskilt yn de breedte fan 60 oant 100 meter. "Met het park kunnen zo'n 1.100 huishoudens stroom krijgen. Hier in de wijk wonen er zo'n 1.750. Het is een flinke stap naar de toekomst, naar het verduurzamen van de wijk. Men vindt het fantastisch."

Henk de Wit fan Stichting Westeinde Energieneutraal

"Hier komen nu zo'n 9.500 panelen te staan. Als je nagaat dat er op een doorsnee huis meestal maar 9 panelen zitten, dan zie ja dat dit project ineens veel duurzame energie oplevert," fertelt engineer Anton Boonstra. "Je ziet de laatste tijd dat er meer zonneparken komen. Er is ook wel tegenstand, met name over dat het landschap wordt volgebouwd. Maar dit project is overzichtelijk, vlakbij een wijk en de mensen uit de wijk staan erachter. Het meewerken met mensen werkt veel prettiger voor ontwikkelaars," seit Boonstra.

Net sa heech

Boppedat falt de hichte fan de panielen wol wat ta. Projektlieder Martin Kok fan Engie: "De panelen zijn niet zo hoog als mensen wel gewend zijn. Ze worden hier maximaal rond de 1.20 m hoog, dus je kunt eroverheen kijken. Dit is landelijk gebied, dus voor de mensen is dat heel plezierig."

Engineer Anton Boonstra en projektlieder Martin Kok fan Engie

Trefwurden: 
Ljouwert sinnepark Westeinde
(Advertinsje)
(Advertinsje)