HEA! Colourguard Seisbierrum yn de lift

De colourguards fan Seisbierrum is in fanatike groep. Se traine twa kear yn de wike sa'n 3 oere de kear en hawwe in soad wedstriden. It colourguard komt fan it Amerikaanske leger en kombinearret dûns mei materialen, lykas gewearen, flaggen of sabels. De lieding is yn hannen fan Trea Noteboom en toptalint Haye Tjitte Hoekstra. Haye Tjitte traint sels ek noch by in colourguard-groep yn Almere yn in heger nivo en hy besiket no tegearre mei de oare lieding Seisbierrum op dat nivo te krijen. Dat sjocht der goed út en de groep sit dúdlik yn de lift.
HEA! Colourguard Seisbierrum